Boargers krije mear romte by Provinsjale Steaten

Boargers en ynstellings krije mear mooglikheden om yn petear te gean mei Provinsjale Steaten. Fan septimber ôf kinne sy op de Steatemerk tenei in plak krije om in eigen plan ta te ljochtsjen. Nij is ek dat boargers en ynstellings yn in kommisje mei Steateleden en it kolleezje fan Deputearre Steaten it petear oangean kinne.

De oanpassings hawwe as doel om it kontakt tusken boargers en Steateleden makliker te meitsjen. It soarget derfoar dat Steateleden sa folslein mooglik ynformearre wurde, eardat se besluten nimme. De Steatemerk sa’t dy yn 2014 ynfierd is, duorret fan septimber ôf in oere. Provinsjale Steaten hawwe tenei twa soarten kommisjes. By de byldfoarmjende binne boargers/ynstellings fan herte wolkom om it petear oan te gean mei de Steateleden en it kolleezje. Dêrneist is der in oardielfoarmjende kommisje en dêr geane de Steateleden ûnderling mei-inoar en/of mei it kolleezje yn petear.

https://www.youtube.com/watch?v=uU3ybwRKjmU 

Pagina opties